Gedichten

In grutte bril, noch grutter hoed

’t is wat foar binnendoar

dy’t oan de moade meidwaan wol

dy is de trend yn ’t foar


Slingerjend troch de bedelten

siket nei de see syn paad

minderjend tusken de beammen

yn de sinne, soms yn’t skaad

opkeard hjir en der troch stiennen

streamt der tuskentroch, oerhinne

de ieuwen lâns is it sa gien al

mar noait sil de see oerrinne.